Bernlef jout Fryske les

freed 27 novimber 2009

Ynkoarten sil de Fryske Les by Bernlef wer fan start gean. Dit jier hawwe sy twa kursussen yn ‘e oanbieding, te witten Fryslân A en in kursus Frysk foar net-Frysktaligen.

By de kursus Fryslân A silst op in korrekte wize leare hoest Frysk skriuwe moast. Korrekte stavering heart dêr fansels ek by. Dizze kursus is bedoeld foar Friezen dy ’t wol Frysk prate en lêze kinne, mar noch net it skriuwen yn de fingers ha.

Asto noch net Frysk prate of lêze kinst, kinsto dy opjaan foar de kursus Frysk foar net-Frysktaligen. Dêr dan op hokker wize de Fryske grammatika opboud is, en in begjin fan de útwreide Fryske fokabulêre. Faaks learst ek wol goed Frysk praten! (Voor NL-versie klik “lês mear”)

Skriuw dy rap yn op de ynskriuwside of mail de ynterne (ynterne@bernlef.com)!

Fryslân A sil op 30 novimber, fan 19:30 ôf fan start gean.
Frysk foar net-Frysktaligen sil op 1 desimber fan 16:00 ôf fan start gean.

Boarne: www.bernlef.com

Ek sjen:

  1. Boomsma kursus Frysk fan Bernlef Studinteferiening Bernlef is fan doel om Arie Boomsma in kursus...
  2. Bierfyts Bernlef ferbean GRINS – Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, hat yn...
  3. Bernlef en de Keiwike  Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, is klear foar de...
  4. Bernlef stekt flagge yn ‘e brân De provinsje Fryslân hat studinteferiening Bernlef frege om foto’s en...
  5. Toanielstik Kredo by Bernlef Yn opfolging fan it súksesfolle toanielstik ‘Katarsis’ sil ek it...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic