‘Die Twa’ yn de top-40

moandei 30 novimber 2009

Die TwaIt duo Die Twa sjocht hielendal gjin beheiningen yn it feit dat se allinnich mar yn it Frysk sjonge. Neffens de manlju wurket it sels yn harren foardiel. Wy krije in protte positive reaksjes. De twa manlju timmerje al in pear jier mei suskes oan de dyk as feestduo. De omslach nei eigen nûmers is twa jier lyn begûn. Yn in radiostudio belâne it duo mei harren debútsingel by platemaatskippij Diesel Joy Records. Dy hearden it ferske en joegen daliks in platekontrakt. De earste singel waard in beskieden hit yn de Singel top-100. Mar de lanlike DJ’s waarden no wol bekend mei Die Twa. De twadde singel ‘Famke fan myn dreamen’ hat foar de definitive trochbraak soarge. It nummer hat heech op de hitlisten stean.

Op dit momint stiet it nûmer Fûgels op nûmer 10 yn de tophûndert. Minsken binne wyld fan Die Twa en meie graach hearre nei de nûmers dy’t se sels skriuwe en meitsje.

Ek sjen:

  1. Die Twa op 17 yn NL top 100 LJOUWERT – It nije album fan de Fryske formaasje Die...
  2. ‘Biografie en Arbeidersbeweging’ Bysûnder dûbelnûmer fan It Beaken ‘Biografie en Arbeidersbeweging’ is it...
  3. ‘Simmer’ wurdt Omrop Fryslân simmerhit The Howdy Boys winne de Simmerhit-finale Ut hast 100 útstjoerings...
  4. ‘Die Twa’ mei Sinnewaarmte ‘Die twa’ hat in nije klip. In tal reaksjes op...
  5. Alderein lokkiger as jongerein Manlju binne it fleurichst as se in jier as sechstich...

1 reaksje op “‘Die Twa’ yn de top-40”


  1. Roel Wytse
    30 novimber 2009 17:03

    Dochs spitich dat dy twa net witte hoe’t hja ‘dy’ staverje moatte.

Realisaasje: Pronamic