Drachtster mei fjoerwapen yn auto
moandei 30 novimber 2009
Aginten dy’t har omgong makken seagen yn de Ljurkestrjitte yn Drachten in fertochte auto. De bestjoerder krige in stopteken en der folge in kontrôle. De bestjoerder krige fan de aginten it fersyk om syn kentekenbewiis te pakken. De bestjoerder iepene it dashboardskastke en de aginten seagen in fjoerwapen lizzen. De bestjoerder en de byriders waarden doe oanholden. De byriders wurken net mei en de aginten moasten dan ek geweld brûke om de twa yn de hânboeien te slaan. De trije waarden dêrnei nei it polysjeburo oerbrocht. It wapen is yn beslach nommen. De bestjoerder sit noch fêst. De byriders mochten it buro ferlitte.
Ek sjen:
- Fjouwer ynbrekkers pakt Fjouwer ynbrekkers út De Haach binne tongersdei troch de polysje...
- Selsstjoerende auto feroarsaket ûngemak MOUNTAIN VIEW – In selsstjoerende auto fan Google hat freed...
- Grut gat yn Drachtster dyk DRACHTEN – Yn in dyk oan de yndustryhaven yn Drachten...
- Drachtster skoalle bringt it laai werom DRACHTEN – It âlderwetske laai wurdt op it stuit yn...
- Drachtster Iris Kroes wint Voice of Holland De 19-jierrige Iris Kroes út Drachten is de winnares fan...








