€19.300 te min foar wurdboek

freed 13 novimber 2009

It Sealterfryske wurdboek sil sa’n 30.000 wurden ha. It is it libbenswurk fan professor Marron C. Fort. It wurk is in wichtige dokumintaasje fan de minderheidstaal, dy’t yn it Sealterlân troch sa likernôch 2000 minsken praat wurdt. It wurdboek soe oare minsken dy’t it Sealterfrysk net machtich binne, helpe kinne om de taal te learen. Lykwols moat it wurdboek earst printe wurde. It binne kosten dy’t de Sealter Bûn en de professor Fort net betelje kinne.

Dielsteat Nedersaksen
Sealterfrysk_kultuerhusOant safier hat allinnich de dielsteat Nedersaksen jild jûn. Mei de €5,700.00 fan de dielsteat is noch mar in lyts part fan it wurdboek betelle. Yn 2008 en 2009 krige de Sealter Bûn meiïnoar €10.000,00 fan de dielsteat.

Inkeld EU stipe foar ynternasjonale projekten
De kâns om stipe fan de EU te krijen is neffens Marion Erdmann lyts. Erdmann is berne yn it doarp Sedelsberch, yn it Sealterlân. Hja wennet sûnt 2000 yn Brussel en stipet Marron Fort. Allinnich projekten dy’t oer de grins geane kinne subsydzje krije. Dat wie it antwurd fan de Europeeske Kommisje foar Meartaligens. As lytste taaleilân fan Europa is it Sealterfrysk gjin taal dy’t ’oer de grins’ praat wurdt.

Oare stipers
It kin hast net oars as jild te freegjen fan persoanen. It heechste jildbedrach dat tasein is troch in yndividu is €100,00.

Oare Sealterfryske wurdboeken
Yn 1798 ferskynde de earste wurdlist fan it Sealterfrysk. Dêrnei kamen noch folle mear. Yn 1961 ferskynde in wurdlist mei 7.500 wurden fan de Westerlauwerske Fries Pyt Kramer. Fort syn earste wurk ferskynde yn 1980, tagelyk wie dat ek it earste printe wurdboek. Oar wurk fan Fort is de oersetting fan it Nije Testamint yn it Sealterfrysk.

Ek sjen:

  1. Nij Sealterfrysk wurdboek De Seelter Buund siket om sponsors foar it nije wurdboek fan...
  2. Nij Grutfrysk wurdboek FLENSBURCH – Perfester Volkert Faltings fan de universiteit yn Flensburch...
  3. It Wurdboek fan de Fryske Taal is klear LJOUWERT – It wie 51 jier wurk. It grut Frysk...
  4. Lêste diel Wurdboek fan de Fryske taal De Fryske Akademy presintearret op freedtemiddei 11 novimber 2011 it...
  5. It Grut Frysk Wurdboek is klear Freed 11 novimber is it lêste diel fan it Grut...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic