Earste ‘BzV-baby’ is al op komst
moandei 30 novimber 2009
Boer Richard hie net genôch brieven om mei te dwaan oan it programma ‘Boer zoek vrouw’, mar hy fûn dochs syn frou. Justerjûn makken hy en syn freondinne bekend dat der sels al in poppe op kommende wei is. Syn freondinne sei: Ik kaam by Richard op de pleats, en soe mar ien dei bliuwe, mar ien dei waard twa dagen, trije dagen ensfh. Ik bin net wer fuortgien.
Boer Wietse út Fryslân giet noch altyd mei Neeltsje út Warkum. Mar se wenje noch net byinoar. Neeltsje woe dat wol hiel graach mar Wietse brûkt neffens himsels syn ferstân. Pas nei de ferbouwing komt Neeltsje by Wietse te wenjen.
Dit jier hawwe alle fiif boeren dy’t meidwaan mochten in frou fûn. Dizze seary wie in grut sukses. Der binne plannen om in nije seary te meitsjen.
Ek sjen:
- DI-FERS fan Henk Veenstra: Baby Sjoch foar mear: http://vkblog.nl/blog/4220/ONLINERS-FRIESLAND...
- Earste heale finale Liet DRACHTEN – Yn in grôtfol Iduna waard sneontejûn de earste...
- Lêste strider earste wrâldoarloch dea De lêste feteraan út de earste wrâldoarloch is woansdei yn...
- Pealsitters ha earste nacht trochstien WARNS – De sân dielnimmers oan it Frysk Kampioenskip Pealsitten...
- Earste streken op natoeriis De earste Fryske riders hawwe tiisdei de izers al wer...








