Europeesk Hôf ferbiedt krúsbylden

woansdei 4 novimber 2009

De ferplichte krúsbylden op steatsskoallen yn Italië binne yn striid mei de frijheid fan godstsjinst. Dat hat it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan de Minske yn Straatsburch fêststeld.

In Italiaanske frou hie by it Hôf klage oer de krusifiksen yn de leslokalen fan har bern. De bylden wienen neffens har yn striid mei har opfettings. Se wol dat har beKrusbyldrn sekulier ûnderwiis folgje kinne. It Europeeske Hôf wie it dêrmei iens en de frou krijt in skeafergoeding fan 5000 euro.

Italiaanske politisy sprekke der skande fan. Minister Mariastelle Gelmini sei dat it byld fan Jezus dy’t stjert oan it krús in tradisjoneel symboal is en net in symboal fan it katolisisme. It hat al earder foar de rjochter west en doe hat Paus Johannes Paulus II sein dat it krusifiks in symboal is foar treast en hope, foar alle minsken fan alle tiden.

Ek sjen:

  1. Krapoan tûzen flechtlingen op Sisilië POZZALLO – Yn it Italiaanske havenplak Pozzallo op Sisilië binne...
  2. België lêste lân Europeesk nûmerboerd België is it lêste lân yn de Europeeske Uny dat...
  3. Fisksoarten ferdwine troch Europeesk jild Sûnt it jier 2000 hat de Spaanske fiskyndustry mear as...
  4. Europeesk parlemint besunigje op tolken? It Europeesk parlemint tinkt deroer nei oft der besunige wurde...
  5. Bern ferbiedt heit, mem, fuotgonger BERN – De Switserske stêd Bern hat syn amtners ferbean...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic