Firefox 5 jier
tiisdei 10 novimber 2009Moandei 9 novimber waard de browser Mozilla Firefox 5 jier.
Begûn as it âlde en earste programma om op it ynternet te sneupen, Netscape, is it yn 5 jier tiid útgroeid ta de twadde browser mei in brûkersoandiel fan 25%. Dat sukses is te tankjen oan de Mozilla organisaasje dy’t de boarnekoade fan it programma frijjûn hat, wêrtroch’t elkenien oer de hiele wrâld der oan meiwurkje kin. Dy gearwurking bestiet net allinnich út it ûntwikkeljen, mar ek út de PR, it testen en bygelyks it oersetten. Wienen der earst mar 10 talen beskikber, no binne der al mear as 70 talen wêryn’t Firefox ferskynt, ûnder oaren it Frysk.
Foar de fiering fan de jierdei is in apart webstee makke dat ek yn it Frysk oersetten is. Dat is it bêste te besjen mei in browser dy’t it saneamde canvas-elemint stipet, byg. Firefox, Safari en Chrome. It is nammentlik dan mooglik om ek de ûndertiteling te sjen dy’t yn it Frysk oerset is.
Sjochris op it webstee: www.spreadfirefox.com en miskien hawwe jo noch in idee om de wrâld yn it ljocht te setten.
Ek sjen:
- Chrome populêrder as Firefox De ynternetblêder Chrome is konkurrint Firefox foarby. Dat docht bliken...
- Firefox foar mobile telefoan Mozilla Firefox is no ek beskikber foar Nokia’s Maemo-platform. Fan...
- Hjoed wurdt Firefox 8 presintearre Hjoed komt ferzje 8.0 út fan de populêre ynternetbrowser Firefox....
- Firefox 3.6 beskikber Tongersdei 21 jannewaris is de nijste ferzje fan de browser...
- Firefox populêrder as Explorer Internet Explorer is net langer de populêrste ynternetsneuper yn Europa....










Andre
10 novimber 2009 21:39
Prima browser, ha ik ek.
Wim
11 novimber 2009 10:18
Ooh cool, it filmke der daliks by troch google-ads.
Wol better om it te besjen op de keppeling fan spreadfirefox yn it artikel, dan hast ek de ûndertiteling.