FUEN skriuwt brief Europeeske Uny
tiisdei 3 novimber 2009De 85 leden fan de FUEN rjochtsje har yn in brief oan alle regerings, regeringslieders en de presidint fan de EU-kommisje. Mei it brief wurdt de resolúsje fan it lêste FUEN-kongres útfierd. Yn de resolúsje wurde de regerings en de EU-kommisje útnoege om in EU-kommissaris foar minderheden te beneamen of ien fan de sittende kommissarissen op te dragen om de belangen fan de minderheden yn de EU te behertigjen.
Yn de taljochting stiet: “De situaasje fan de Europeeske minderheden lit in heterogeen plaatsje sjen. Yn guon regio’s ha minderheden en mearderheden in model ûntwikkele dêr’t se op lykweardige wize mei-elkoar libje, mar op in protte oare plakken ha de minderheden grutte muoite om te oerlibjen. Op it stuit stjerre der stadichoan Europeeske talen en kultueren út sûnder dat men it fernimt. Dat kin allinne mar opkeard wurde troch in dúdlike feroaring fan de minderhedepolityk yn de EU”, neffens de resolúsje fan it FUEN-kongres. FUEN biedt him dêrby oan as middeler.
“FUEN wol graach as partner yn it proses behelle wurde omdat FUEN direkt kontakt hat mei de minderheden en in protte praktyske ûnderfining opdien hat op dit mêd. FUEN stribbet nei lykwicht yn de ferhâldings tusken minderheden en mearderheden. Der binne foldwaande foarbylden yn Europa dêr’t dat al yn berikt is. Dêrta moatte der fan twa kanten stappen setten wurde en moat der in echte dialooch op gong komme”.
Foar de brief oan Barroso sjoch: http://www.fuen.org/pdfs/20091028_EN.pdf
Foar de resolúsje sjoch: http://www.fuen.org/pdfs/20091028_EU27_resolution_200903_EN.pdf
Ek sjen:
- NGO-leden yn Belarus oppakt FUEN, de Europeeske organisaasje fan minderheden yn Europa, hat yn...
- FN: Homorjochten oannommen GENÊVE – De Rie foar Minskerjochten fan de Feriene Naasjes...
- Konferinsje Europeeske kieslisten Op freed 11 desimber sil de FNP yn gearwurking mei...
- Breton fytst Europeeske minderheden bylâns Emmanuel le Merlus (39) út Bretanje fiert aksje om taalferskaat...
- Britske Keninginne skriuwt brief De Britske keninginne Elizabeth hat redaksjes fan ferskate media troch...








