GM wol Opel werom ha
woansdei 4 novimberGeneral Motors wol Opel net mear ferkeapje oan it Eastenryksk-Kanadeeske bedriuw Magna. Dêrtroch bliuwt Opel by General Motors en sil reorganisearre wurde.
Yn juny krige GM 1,5 miljard fan it Dútske regear omdat Opel finansjeel yn swier waar rekke wie. No wol Berlyn dat jild foar 30 novimber werom ha. GM is dêr al mei akkoart gien.
Opel/Vauxhall hat 50.000 wurknimmers. GM hat al tasein om Opel te reorganisearjen. Saakkundigen tinke dat dêrtroch sa likernôch 10.000 banen by Opel ferdwine. Neffens it haadbestjoer fan Opel sille de wurknimmers fan Opel yn Dútslân op tongersdei stake.
Ek sjen:











