Grutte Pier game

tongersdei 26 novimber 2009

Grutte Pier.De Fryske folksheld Grutte Pier krijt in nij libben yn in game foar de Sony Playstation 3. Dat hat gamesûntwikkelder Triangle Studio’s út Ljouwert moandei bekend makke.

Grutte Pier, echte namme Pier Gerlofs Donia, stried yn it begjin fan de 16e ieu as piraat mei in soad súkses tsjin de Hollanners en de Saksen en is noch altiten in Frysk frijheidssymboal. De game sil dy striid wer nij libben ynblaze. “It is fansels in prachtich heldeferhaal dat je yn in game moai neispylje kine”, sa sei direkteur Remco de Rooy fan Triangle Studios.

Gjin geweld

”It wurdt gjin tige gewelddiedige game. We rjochtsje ús op de doelgroep fan tolve oant sechtjin jier. Dus ferwachtsje in soad strategy en moaie kampanjes dy’t fan de figuer Grutte Pier út spile wurde kinne”, sa ferfolget De Rooy. ”We mikke ek op de ynternasjonale merk, de game is dus perfoarst net allinnich op Fryslân of Nederlân rjochte.” De game moat yn it earste fearnsjier fan 2011 yn de winkel lizze.

Twadde Wrâldoarloch

Ek al hat Grutte Pier in soad Hollanners fermoarde yn syn libben, De Rooy ferwachtet net dat de game yn Nederlân net oanslaan sil. ”Yn spultsjes oer de Twadde Wrâldoarloch wurde ek in soad Dútsers deasketten en dy games binne ek populêr yn Dútslân.” De gameferzje fan Grutte Pier sil yn de game gewoan Frysk prate. Triangle Studio’s hat al in pear ynternasjonale releases op har namme stean en is nominearre foar de jonge ûndernimmerspriis fan 2009.

Ek sjen:

  1. Grutte Pier de game: The Cross of the Dutchman ...
  2. Kompjûterspultsje oer Grutte Pier LJOUWERT – Wa ken de grutte Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs...
  3. Noch in filmke oer de PC-game fan Grutte Pier ...
  4. In lytse opera: Grutte Pier De lytse opera is makke troch Cornelis van der Wal...
  5. Evakuaasje Klein Zwitserland, pier splis De tagongsdiken nei camping Klein Zwitserland oan de Burgumermar binne...

3 reaksjes op “Grutte Pier game”


  1. Roel Wytse
    26 novimber 2009 10:14

    It grutte Grutte Pier spul! Ik bin tige nijsgjirrich nei de game. Neffens my de earste kear dat in Fries de haadpersoan is yn in kompjûterspultsje of fersin ik my?


  2. Andre
    26 novimber 2009 10:46

    Der ha wol ris wat inisjativen west fan multymedia studinten, mar in ‘echt spultsje’ foar de Playstation wie der noch net. Ik sil him seker keapje.


  3. Joost
    27 novimber 2009 12:56

    Echt leuk

Realisaasje: Pronamic