Ien op de sân Amerikanen hat te min iten

snein 22 novimber 2009

Mear as 49 miljoen Amerikanen, ien op ’e sân, hie ferline jier net genôch te iten, omdat se te min jild hawwe. Dat komt troch de wrâldwideUSA iten finansjele krisis, sa bliek moandei út ûndersyk fan it Amerikaanske ministearje fan lânbou.

It giet om 14,6 % fan de húshâldings. In jier earder hie noch 5,7 % fan de húshâldings te min ynkommen om de deistige boadskippen dwaan te kinnen. Twatredde fan harren is oerstapt op goedkeaper itensguod, hat faker by de fiedselbank oankloppe of oare help ynskeakele. In tredde wie twongen om minder te iten.

De Amerikaanske presidint Barack Obama neamde it yn in ferklearring tige soarchlik dat ek lytse bern it slachtoffer binne en gjin streksum miel iten krije. Hy sei ta om maatregels te nimmen.

Ek sjen:

  1. Dommer troch ûngesûn iten BRISTOL – Bern dy’t ûngesûn ite, moatte dat letter yn...
  2. 70 jier sûnder iten AHMEDABAD – Dokters fan in sikehûs yn de Yndiaaske stêd...
  3. DNA mutearret troch fet iten SYDNEY – As manlju te fet ite, feroaret harren sied....
  4. Deade mûs yn iten moat kinne BRUSSEL – Der binne de lêste tiid in soad klachten...
  5. Amerikanen wolle in ‘fair’ kleurke hawwe HENDERSON – Amerikanen fan Afrikaansk en Aziatysk komôf fine in...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic