In ûnôfhinklik Katalonië?
tiisdei 17 novimber 2009
Op 13 septimber 2009 waard yn it Katalaanske plak Arenys de Munt in referindum holden oer in ûnôfhinklik Katalonië. De fraach oan de ynwenners waard sa formulearre: “Fynsto ek dat Katalonië in demokratyske en ûnôfhinklike steat wurde moat, mei lidmaatskip fan de Europeeske Uny? ”. Fan de sa likernôch 40 persint fan de 6.500 ynwenners sei mear as 96 persint dat se foar in ûnôfhinklik Katalonië binne.
It referindum hat gjin konsekwinsjes, mar is wol fan grut belang. Foarst, omdat de Spaanske wet gjin eigen foech foar Katalonië erkent; twads, omdat it de earste kear wie dat mear as tûzen minsken meidwaan koenen oan in referindum oer de ûnôfhinklikens fan Katalonië.
It referindum yn Arenys de Munt lit ek sjen dat de Katalanen wol foar ûnôfhinklikens binne. Mar Spanje is tsjin. De Spaanske iepenbiere oanklager beskuldige de gemeente fan it stypjen fan it referindum, omdat it referindum yn in oerheidsgebou hâlden wurde soe. De organisaasje fan it referindum hat doe foar in oar plak keazen. Oan ‘e oare kant waard wol goedkar jûn foar in demonstraasje fan de faksistyske partij Falange, laat troch diktator Franco oant syn dea, op deselde dei as it referindum. De Spaanske iepenbiere oanklager wie boppedat kandidaat foar de faksistyske partij by de ferkiezings fan 1998.
In dei nei it referindum wreide it nijs him út nei in protte oare plakken yn Katolonië, dêr’t lyksoartige inisjativen fan ‘e grûn kamen. De beweging wurdt laat troch de minsken dy’t it referindum yn Arenys de Munt betocht ha, stipe troch ferskillende platfoarmen foar Katalaanske ûnôfhinklikens lykas de Plataforma pel Dret de Decidir (www.tenimeldretdedecidir.org), Sobirania i Progrés (www.sobiraniaiprogres.cat), Deumil.cat (www.deumil.cat) en noch gâns oaren.
Op 13 desimber 2009 sil yn 140 plakken in referindum hâlden wurde mei deselde fraach as yn Arenys de Munt steld waard. Yn elts plak dat meidocht oan it referindum is in kommisje fan tafersjoch, gearstald troch leden fan politike partijen, maatskiplike organisaasjes en lokale frijwilligers.
De organisaasje fan it referindum hat ek in webside, www.referendumindependencia.cat, mei organisatoaryske ynfo en kampanjemateriaal. De organisaasje sil ek oan promoasje dwaan. It referindum fan 13 desimber wurdt sjoen as in belangrike stap nei in offisjeel referindum dat troch it Katalaanske Parlemint hâlden wurde moat.
Ek sjen:
- Kataloanië in ûnôfhinklik lân? FOLKSRIEDPLACHTING YN NEDERLÂN OER ÛNÔFHINKLIKHEID FAN KATALOANIË LOKAASJE: AMSTERDAMS HISTOARYSK...
- Súd-Sûdan ûnôfhinklik JUBA – Súd-Sûdan is sneon om 00.00 oere (lokale tiid)...
- Ynwenners Nederlân wolle euro hâlde LJOUWERT – Mar 32 persint fan de ynwenners fan Nederlân...
- Letlân hâldt referindum oer Russysk Letlân sil begjin oar jier in referindum hâlde oer de...
- Pielder dolt Romeinske bordeelmunt op LONDEN – In argeologypielder út Ingelân hat yn ‘e omkriten...









Andre
17 novimber 2009 23:32
Ik fyn it in goed teken tsjin de globalisearring!
Klaas
18 novimber 2009 09:20
Ik bin benijt wat de spaanske regearing sil dwaan mei de utslach. Spanje falt utelkoar.