Japanske ekonomy 5 persint groeid

tiisdei 17 novimber 2009

De ekonomy fan Japan is yn it tredde fearnsjier mei 4,8 persint op jierbasis groeid. Ferlike mei it twadde fearnsjier wie de groei 1,2 persint. Dat hawwe de JapanJapanske autoriteiten moandei bekend makke.

It giet foar de op ien nei grutste ekonomy fan de wrâld om de sterkste groei yn mear as twa jier. De Japanske oerheid stimulearre de konsumintenbestedingen, wylst de eksport wer oanloek en bedriuwen mear ynvestearren as yn it foarôfgeande fearnsjier. De Japanske ekonomy kromp sterk yn de lêste trije moannen fan ferline jier en it earste fearnsjier fan dit jier.

Ek sjen:

  1. Greenspan foarspelt 3 persint groei
  2. Nederlânske ekonomy yn dipke
  3. Sina wol tuike oan mei ekonomy
  4. Trichet: Ekonomy net yn frije fal
  5. Nij Dútsk wirtschaftswunder

1 reaksje op “Japanske ekonomy 5 persint groeid”


  1. mbc84
    25 augustus 2011 11:25

    net op de link klikke! @Redaksje: liket my in typysk gefal fan spam of sokssoarte..

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic