Jonge oppakt foar driichfilmke

freed 27 novimber 2009

In 17-jierige jonge út Uitgeest (Noard-Hollân) is woansdei oanholden fanwegen bedriging. Hy hie in filmke op ynternet setten dêr’t er learlingen fan syn skoalle yn Castricum mei de dea yn bedrige.

Dat berjochte de plysje fan Kennemerlân. De skoalle fan de fertochte, it “Bonhoeffercollege”, hie neffens in ferklearring op it eigen webstee moandei in tip krigen oer it filmke.
Yn it filmke seit de fertochte dat er in lyst hat fan minsken dy’t er hatet en dy’t neffens him “fuort” moatte. De skoalle skeakele de plysje yn. De plysje hat de jonge finzen naam.

Ek sjen:

  1. Jonge oppakt om weddenskip In 15-jierrige jonge út Oss is op de ‘Geurdenhof’ oanholden...
  2. Poaierbinde oppakt DRACHTEN – De plysje hat moandei in binde fan fraudeurs...
  3. Wer in rare Noar oppakt OSLO – De Noarske plysje hat freed in 33-jierrige man...
  4. Autoridende frou oppakt RIAAD – De religieuze plysje yn Saoedy-Arabië hat sneon in...
  5. Oppakt om Tweet In skoalgeand jongfaam fan it gymnasium (17) is woansdei oppakt...

1 reaksje op “Jonge oppakt foar driichfilmke”


  1. Joanna
    27 novimber 2009 14:12

    Ik haw it filmke sjoen. Ik fyn it eng dat sa’n jonge jongen sulke rotsooi seit. Ik fyn it goed dat de plysje him oppakt.

Realisaasje: Pronamic