Learaars benaud foar passend ûnderwiis
snein 29 novimber 2009
It tekoart oan genôch ûnderwiisassistinten wurdt by it ynfieren fan passend ûnderwiis sjoen as grutste knyppunt. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 1450 leden fan CNV Onderwijs. De learaars binne ek fan betinken dat de klassen te grut binne om genôch omtinken jaan te kinnen oan it yndividuele bern. Goed trije fjirde fan de lju dy’t ûnderfrege binne, binne benaud dat mear soarch foar de soarchlearlingen skealik is foar oare bern. In budgettêr neutrale ynfiering sil neffens it ûndersyk liede ta in breklike útfiering. Patrick Banis, bestjoerder fan CNV Onderwijs: ‘Troch no te ynvestearjen yn learaars komme wy de swierrichheden fan moarn tefoaren, nammentlik in fierdere groei fan it spesjaal ûnderwiis.’ Yn in saneamd Sânpunteplan ropt CNV Onderwijs de polityk op om de oplieding te ferbetterjen en mear stipe en middels te jaan. It advys is woansdei by in kongres oer passend ûnderwiis oanbean oan steatssekretaris Dijksma.
Ek sjen:
- Learaars sille te bollejeien Omtrint tûzen skoallen slute op 6 maart har doarren en...
- Simmerfakânsje primêr ûnderwiis CNV Onderwijs is bliid mei it stânpunt fan de ûnderwiisynspeksje...
- 10 miljoen foar ûnderwiismetoaden Minister Marja van Bijsterveldt-Vliegenthart jout foar ien kear goed €...
- Kataloanië moat Spaansktalich ûnderwiis jaan BARCELONA – Trije Spaansktalige hûshâldens yn Kataloanië hawwe rjocht op...
- Britten tsiere oer bysûnder ûnderwiis LONDEN – De Britske minister fan ûnderwiis seit dat katolike...








