Microsoft boppe Google en Yahoo

snein 8 novimber 2009

Windows Live Messenger fan Microsoft wurdt 14,5 persint fan alle tiid dy’t minsken online trochbringe brûkt. Yn septimber is der likernôch 27 miljard oere op it ynternet trochbrocht. Dat is eksklusyf iepenbiere kompjûters en smartphones.
Windows Live Messengers is populêr. It programma nimt 70 persint foar syn rekkening fan de 3,9 miljard oere dy’t trochbrocht is op Microsoft-siden. Der waard 2,5 miljard oere trochbrocht op siden fan Google. Hast 1,2 miljard oere waard op Youtube sitten.

Ek sjen:

  1. Microsoft offensyf tsjin Google
  2. Bing is grutter as Yahoo
  3. Windows 7 hast klear
  4. Firefox populêrder as Explorer
  5. Big Windows is watching you (too)

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic