Praat mar Frysk-Talestikker

sneon 21 novimber 2009

praat mar fryskOp in gearkomste fan Hannel & Yndustry by Gosse Wijnsma fan Gosse Wijnsma Keunststofkezinen yn Dokkum, waard de earste Praat mar Frysk-Talestikker oanbean oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Mear as 120 ûndernimmers út Dongeradiel wienen dêrop ôfkommen.
Mei it opplakken fan de talestikker is Gosse Wijnsma de earste ûndernimmer yn Fryslân mei de ienige echte talestikker fan Praat mar Frysk. De talestikker hat as doel om as bedriuw oan de klant dúdlik te meitsjen yn hokker taal de klant holpen wurde kin. Der binne njoggen talen beskikber. Under oare it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en it Steds-Frysk. De talestikker is te bestellen fia de webside fan Praat mar Frysk.

Boarne: www.praatmarfrysk.nl

Ek sjen:

  1. Praat mar Frysk komt nei Snits Op tongersdeitemiddei 23 febrewaris strykt it Praat mar Frysk-kampanjeteam del...
  2. Praat mar Frysk op TV LJOUWERT – Fan 12 septimber ôf hat ‘Praat mar Frysk’...
  3. Praat mar Frysk by de dokter Frysk prate by de húsdokter? De Afûk set fan hjoed...
  4. Praat mar Frysk by plysje Fryslân Minsken stelle it op priis dat sy te wurd stien...
  5. Jorritsma praat Frysk By de útrikking fan de Fryske Anjer oan Hindrik van...

2 reaksjes op “Praat mar Frysk-Talestikker”


  1. André van der Meer
    22 novimber 2009 12:56

    Wol nuver dat dy Gosse Wijnstra dan in ynlieding hâldt yn it Hollânsk mei in fet Frysk aksint. Hy moat noch eefkes leare. Praat mar Frysk Gosse.


  2. Jabik
    24 novimber 2009 11:49

    De plakker fan de Ried fd Fryske Beweging is útnoegjender as wat de Afûk biedt:
    Wy helpe jo graach yn it Frysk.

Realisaasje: Pronamic