www.tekeapynfryslan.nl

tiisdei 24 novimber 2009

De webside www.tekeapynfryslan.nl moat de nije E-bay/Marktplaats foar Fryslân wurde. Bedriuwen en ynwenners fan de provinsje Fryslân kinne dêr in advertinsje op sette. De advertinsjes meie sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.

Reden foar de nije webside is it ferbod fan Frysktalige advertinsjes op besteande websiden. Marktplaats helle bygelyks Frysktalige advertinsjes fuort omdat de behearders dy net lêze koenen. Boppedat komme de advertinsjes fan bedriuwen en partikulieren dy’t yn Fryslân wenje, dat de keaper hoecht net mear sa fier te reizgjen.

Omdat it oanbod him ta de provinsje Fryslân beheint, is de kâns grutter dat in advertinsje op tekeapynfryslan.nl lêzen wurdt. Neffens de behearders fan tekeapynfryslan.nl wurde advertinsjes op oare websiden samar wei yn de massa.

Dêrneist biedt tekeapynfryslan.nl tsjin betelling noch in ekstra service. Ferkeapers dy’t gjin keapers by de doar ha wolle, kinne har guod nei harren kantoar yn Snits bringe. Dêrneist kinne ferkeapers fan tekeapynfryslan.nl op lokaasje begelieding krije by de transaksje.

http://www.tekeapynfryslan.nl/

Ek sjen:

  1. De side Te keap yn Fryslân De side ‘Te keap yn Fryslân’ is al wer acht...
  2. Ingelsk yn fakatuere nedich? Ingelske termen yn personielsadvertinsjes wurde troch lêzers net as statusferheegjend...
  3. Foar De Telegraaf side betelje? De Telegraaf Media Group tinkt deroer nei om jild te...
  4. `Volg-me-niet’-register op ynternet Nei it ‘bel-me-niet’-register is der fan hjoed ôf ek in...
  5. Keninginnedei-iten ferkeard DE HAACH – It is noedlik om mei keninginnedei in...

2 reaksjes op “www.tekeapynfryslan.nl”


  1. Jabik
    24 novimber 2009 11:50

    Botte klantfreonlik en tagonklik is de side net.


  2. Wim
    24 novimber 2009 13:13

    Sitte ek noch in protte taalflaters yn en dit is krekt sa’n plak wêr’t it Frysk moai sichtber is en minsken tuskentroch Frysk leare kinne:
    Ofbielding = Ofbylding
    úze = ús
    Gereedskip = Ark
    Fierders wol in goed inisjatyf. Der is hjoed ek in protte omtinken foar op 3fm.

Realisaasje: Pronamic