Rjochtlike posysje fan Torrents

moandei 30 novimber 2009

IsoHunt_turrentbestannenDe Torrensite IsoHunt sil oan in Kanadeeske rjochter freegje oft syn aktiviteiten yllegaal binne. De torrentsite wol in útspraak fan de rjochter ha, sadat IsoHunt yn de takomst gjin problemen krijt mei auteursrjochteorganisaasjes. Behearder Gary Fung wol dat de rjochter IsoHunt as in sykmasine sjocht, dy’t net oanspraaklik is as der keppele wurdt nei torrentbestannen mei auteursrjochtlik materiaal, sa seit er op syn eigen foarum. Dêrom hat Fung in oanklacht yntsjinne.
It al of net yllegaal wêzen fan IsoHunt syn aktiviteiten moat yn de útspraak fan de rjochter komme te stean. As bliken docht dat de webside net yllegaal is, hat de Kanaadeeske auteursrjochteorganisaasje CRIA gjin juridyske basis om de rjochter om in ferbod fan de webside te freegjen. Fung hat ôfrûne wike al in oanklacht yntsjinne by de heechste rjochter fan de provinsje British Columbia.
Yn 2009 hawwe de torrentsites al aardich wat rjochtsaken ferlern. De grutste torrentsite The Pirate Bay ferlear yn Sweden en ek yn Nederlân ferlear TPB twa kear fan auteursrjochteorganisaasje Brein. Ek de Nederlânske torrentsite Mininova waard net troch de rjochter yn ’t gelyk steld en hat no sûnt in wike inkeld noch mar keppelings nei it eigen distribúsjesysteem, dêr’t tastimming foar jûn is troch rjochthawwenden.

Ek sjen:

  1. Kabelbedriuw foar it stekje Stichting Brein, dy’t him dwaande hâldt mei piraterij, wol dat...
  2. Finansjele posysje ABP fersterke Yn de twadde helte fan 2009 hat de finansjele posysje...
  3. Omrop Fryslân kriget eigen posysje Alle regionale omroppen moatte yntegrearje yn de lanlike publike omrop....
  4. Yllegale e-boeken Yn septimber 2009 waard it boek ”The lost symbol” fan...
  5. Ferkiezingsboykot yn Flaanderen GENT – De parlemintsferkiezingen yn België binne yllegaal. Dat is...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic