Sina wol selsstannich Afrika

tongersdei 12 novimber 2009

De Sineeske minister fan Bûtenlânske Saken Yang Jiechi harket nei syn Egyptyske kollega Ahmed Aboul Gheit op de Sineesk-Afrikaanske top yn Sharm el Sheik. china afrika

De help fan Sina om lânbou en ynfrastruktuer yn Afrika te ûntwikkeljen is derop rjochte it kontinint ekonomysk ûnôfhinklik te meitsjen. Dat hat de Sineeske minister fan ‘e hannel, Chen Deming, moandei sein. Kritisy beweare dat Sina mei syn polityk yn Afrika de grûnstoffen op it kontinint plunderje wol.

Dit jier ‘symbolisearret de fernijing fan de Sineesk-Afrikaansk ferhâldingen’, sei Chen op it Foarum oer Sineesk-Afrikaansk Partnerskip. Beijing wol skewiele by ‘it stal jaan fan Afrika’s regionale ekonomyske yntegraasje en it stypjen fan finansjele ûnôfhinklikens’. Sûnt 2000 is de hannel tusken Sina en Afrika mei 107 miljard dollar (72 miljoen euro) tanaam.

Snein sei premier Wen Jiaboa fan Sina op de top tsien miljard dollar oan lieningen foar Afrika ta. Dêrby waarden guon lannen harren skulden ferjûn en joech Wen enerzjyprojekten en de ûntwikkeling fan lânbou en ynfrastruktuer oan.

Kritisy beweare ûnderwilens dat Sina jild yn it kontinint stekt om der sels better fan te wurden. Afrikanen sille op lange termyn net fan de ynvestearringen profitearje en reitsje harren kostbere grûnstoffen oan de Sinezen kwyt. Boppedat docht Sina neat tsjin it skeinen fan minskerjochten yn Afrika. Yn Sudan wurdt oalje pompt, wylst yn Guinee minen eksploitearre wurde. As tank stjoert Beijing goedkeape einprodukten werom.

Ek sjen:

  1. Hoe wurdt der Twittere yn Afrika? Yn Afrika wurdt fansels ek Twittere. Yn it lân Súd-Afrika...
  2. Sina stipet Grykske ekonomy PEKING – Sina sil Grykske steatsobligaasjes keapje sa gau as...
  3. Sina wol Europa op betingst stypje LONDEN – As de Europeeske lannen ree binne om tige...
  4. Sina skewielt wrâldekonomy PEKING – It liket de wrâld op syn kop: Sina,...
  5. Sina lulk op ‘e FS PEKING – Sina is grimmitich op de Feriene Steaten omdat...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic