Sjitpartij yn Fort Hood
freed 6 novimber 2009Yn Fort Hood (Texas) hat in Amerikaanske lânmachtmajoar tolve minsken deasketten. Dêrby rekken 31 minsken ferwûne. Om 13.30 oere lokale tiid komt de majoar mei in pistoal en healautomatysk wapen yn in militêr stipepunt en begjint te sjitten. Yn it stipepunt wurde op dat stuit militêren keurd foar Irak en Afganistan. De dieder waard delsketten en fêstnommen.
De dieder is de 39-jierrige majoar Nidal Malik Hasan. Neffens de autoriteiten is Hasan in Amerikaansk steatsboarger fan Jordaanske komôf. Neffens syn militêr dossier is er berne yn Virginia en noch nea ynset yn it bûtenlân. Hy studearre foar psychiater en wie moslim. Neffens de Imam fan de moskee dêr’t Hasan faak wie, hie de dieder net sa’n protte sukses by de froulju.
Neffens in wurdfierder fan it leger libbet Hasan noch. Underwilens hat de plysje in ynfal yn syn appartemint dien, op syk nei oanwizingen en mooglik oanlieding foar it bloedbad.
Yn Fort Hood binne sa’n 40.000 militêren stasjoneard. Op in trochsnee dei binne der sa’n 25.000 man yn de kazerne.
Ek sjen:








