Skeinde man lêst Brits nijs

woansdei 18 novimber 2009

Changing_Faces_photo_02De Britske kommersjele stjoerder Channel Five hat dizze wike in primeur. In man dy’t troch brânwûnen yn syn antlit slim skeind is, lêst fan moandei ôf in wike lang it sjoernaal fan de omrop.

Mei it ynsetten fan de nijslêzer wol de stjoerder nei eigen sizzen de foaroardielen tsjin minsken mei in mishypt uterlik weinimme. De tydlike presintator fan it sjoernaal is James Partridge, dy’t swiere brânwûnen hat troch in auto-ûngelok. „Myn antlit is in lapetekken fan groeden”, seit er der sels oer.
Partridge nimt de kommende wike it plak yn fan de reguliere nijslêster, showbizzdiva Natasha Kaplinsky.

Ek sjen:

  1. Job Cohen lêst Max Havelaar yn
  2. Feteranen foar it lêst ûnthelle
  3. Tekenfilmrige oer Jezus
  4. Frankryk tenei boerkafrij
  5. Ferd Crone lêst foar by pjutteboartersplak Okido

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic