Sukses foar de mannen fan Destine

sneon 28 novimber 2009

DestineDe lêste tiid kin it net better gean, se witte mar net fan ophâlden. In eigen ‘headline tour’ yn jannewaris en in tour troch Europa mei The Blackout, se hawwe net allinnich sukses yn Nederlân. De jonges dogge it ynternasjonaal ek hieltyd better.

In pear moanne lyn is har single “Stars” útkaam dy’t noch altyd hiel hurd oer de toanbank giet en ek de top-40 helle hat. Dêrnei folge al gau de oankundiging dat Destine in eigen tour troch Nederlân dwaan sil dêr ’t se tige heimsinnich oer dienen.

Dizze jonges út Tilburg binne dan ek net mear út de Nederlânske Poprock yndustry wei te tinken. Mei ynfloeden fan Fall Out Boy, Paramore en Simple Plan sette se dochs in eigen lûd del dy’t by in grut publyk yn ‘e smaak falt.

Wilens binne der al twa konserten fan ‘e tour útferkocht, wêrfan’t it konsert yn 013 Tilburg pas oer fiif moannen is! It sjocht dernei út dat de rest fan ‘e kaartsjes ek fuort fleane sille, dus asto noch oan kaartsjes komme wolst moast rap wêze.

Ek sjen:

  1. Into the Grave grut sukses, kommend jier wer! LJOUWERT – De sfear op it metalfestival Into the Grave yn...
  2. ‘Jou jonges en famkes apart les’ WOERDEN – Jonges en famkes hawwe der baat by as...
  3. Oanpak slûprûte migranten sukses De oanpak fan in Europeeske ‘slûprûte’, wêrmei’t migranten dochs noch...
  4. Jonges better yn Ingelsk as famkes GRINS – Jonges binne op skoalle better yn Ingelsk as...
  5. Mear minsken nei de film Yn Nederlân hawwe yn 2010 mear minsken nei de bioskoop...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic