Eksekúsjes Sina om molkeskandaal

tongersdei 26 novimber 2009

eng_sanlu_gbs_BM_Ba_738041gTwa manlju binne yn Sina eksekutearre foar harren rol yn it skandaal om it fersmoargjen fan molkpoeier. Dat hawwe Sjineeske steatsmedia melden. It is net dúdlik wêr’t it fûnnis tsjin de beide manlju útfierd is.

Ferline jier kaam flak nei de Olympyske Spullen nei bûten dat Sjineeske poppen nierstiennen krigen hienen nei it konsumearjen fan mei melamine fersmoarge molkepoeier. Neffens Sjineeske autoriteiten stoaren seis Sjineeske poppen troch de giftige stof en waarden hast 300.000 bern siik. Melamine is in gemyske stof dy’t ornaris brûkt wurdt foar de produksje fan plestik. Yn molkepoeier suggerearret de stof de oanwêzichheid fan aaiwiten, wylst feitliken sprake is fan gif. Zhang Yujun krige de deastraf foar it mingen fan molkepoeier mei in giftige stof fan july 2007 oant en mei augustus 2008. Geng Jinping krige deselde straf foar it ferkeapjen fan it mingsel en de dêrmei makke produkten. De manlju wienen yn jannewaris ta de deastraf feroardield. Njoggentjin oare wurknimmers en managers fan it suvelkonsern Sanlu waarden ek feroardield foar harren rol yn it skandaal. De heechst ferantwurdlike by Sanlu, Tian Wenhua, ûntkaam oan de deastraf. Hja lei bekentenissen ôf oer misdieden dêr’t in legere strafmjitte op stiet. De frou sit ûnderwilens in libbenslange finzenisstraf út. Begjin augustus 2008 wienen hege funksjonarissen binnen Sanlu al op de hichte fan it melamineprobleem. It publyk waard pas heal septimber warskôge. Media melden dat it skandaal ûnder de pet hâlden waard yn ferbân mei de Olympyske Spullen, dy’t fan 8 oant 24 augustus 2008 yin de Sjineeske haadstêd hâlden waarden. De Sanlu Group, oant de útbraak fan it molkepoeierskandaal ien fan de grutste suvelbedriuwen fan Sina, waard yn febrewaris fallyt ferklearre. Sanlu blykte oars net it ienichste bedriuw te wezen dat mei molkeprodukten rommele. De autoriteiten hawwe yn de neisleep fan de affêre besletten dat 22 Sjineeske suvelûndernimmings skeafergoedingen betelje moatte oan slachtoffers en neibesteanden.

Ek sjen:

  1. Minder eksekúsjes Feriene Steaten It tal eksekúsjes yn de Feriene Steaten is yn 2010...
  2. Minder eksekúsjes yn FS De Amerikaanske dielsteat Illinois hâldt op mei it útfieren fan...
  3. 53-jierrige Brit eksekutearre yn Sina   In 53-jierrige Brit is tiisdei eksekutearre, nettsjinsteande fersiken fan...
  4. 120 minsken eksekutearre Irak It is wis dat der yn dit jier yn Irak...
  5. Oeigoeren weromstjoerd nei Sina Laos hat sân Oeigoeren dy’t fanwege it geweld fan ferline...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic