Twitteren wint ferkiezing
tiisdei 24 novimber 2009
It genoatskip Onze Taal hat op it Onze Taalkongres it wurd twitteren ta wurd fan it jier 2009 keazen. Dit jier wie it wurd troch in sjuery keazen, en net fia ynternet bepaald. Foarich jier mislearre de ynternetferkiezing foar in part, trochdat bepaalde websteeën de ferkiezing “ûnwinsklik” beynfloede hienen.
Twitteren wûn fan wurden lykas kopvoddentaks, vaccinatieangst en vuvuzela. It is net bekend oft Geert Wilders, dy’t de namme kopvoddentaks betocht hie, teloarsteld is oer de útslach.
Foarich jier wie it wurd “swaffelen” as wurd fan it jier keazen.
Mei Twitter kinne brûkers koarte berjochten fan 140 tekens útwikselje. Yn de Amerikaanske weblogartikels oer ynternet en marketing giet no al hast 25 persint oer Twitter.
Dochs liket de groei fan it besyk oan twitter.com de lêste tiid flink te sakjen. Nettsjinsteande dat nimt it tal nije besikers noch hieltiid ta. Dit jier wurdt Twitter grif wol it rapst groeiende sosjale netwurk, metten yn persinten. Yn absolute tallen groeit Facebook folle mear.
Ek sjen:
- Wurden fan it jier: tuigdorp, stoeproken Yn Flaanderen is it wurd ‘stoeproken’ (smoke op ‘e stoepe...
- Ferkiezing Drintsk wurd fan it jier BEILEN – De Drintske streektaalorganisaasje Huus van de taol organisearret de...
- Moaiste wurd op It Nijs: ferpofamtner Ferline wike sneon fregen wy de lêzers fan It Nijs...
- Mid-term-ferkiezing USA Fan ús korrespondint út San Francisco. Mike Sigelmier is in...
- Drachtster Iris Kroes wint Voice of Holland De 19-jierrige Iris Kroes út Drachten is de winnares fan...








