Webside Skarsterlân op Overheid.nl

freed 13 novimber 2009

De webside fan de gemeente Skarsterlân is de grutste klimmer op de ranglist fan de Overheid.nl Monitor. Neffens it Jieroersjoch 20skarsterlan09 gie Skarsterlân 354 plakken omheech.  De gemeente stiet no op it fyftichste plak. Allinne de Fryske gemeenten  Smellingerlân en Ljouwert steane noch heger.

Ut  it ûndersyk komt nei  foaren hoe’t de gemeenten skoare op it mêd  fan elektroanyske tsjinstferliening. Skarsterlân bongele lang ûnderoan de list dy’t alle moannen bywurke wurdt. De gemeente stie ein 2007 noch op in 378ste plak. Troch it opskjinjen en oarderjen fan ynformaasje, it oanbieden fan in ferskaat oan nij funksjegebrûk en ekstra tsjinsten, kaam  de gemeentlike webside dêrnei  in stik heger op de ranglist.

By de beoardieling wurdt ûnder mear sjoen nei de transparantens, tsjinstferliening en tagonklikens. De gemeentlike webside stie yn juny fan dit jier noch op in 76ste plak. De hjoeddeiske notearring is it heechste plak dat  Skarsterlân oant no ta wist te besetten. Allinne Smellingerlân (47) en Ljouwert (38) steane yn it lêste ûndersyk noch heger. De gemeente Capelle aan de IJssel waard winner yn it Jierûndersyk 2009.

Ek sjen:

  1. Webside Weststellingwerf plak 13 Yn it periodike ûndersyk dat it ministearje fan binnenlânske saken...
  2. Terherne wol nei Skarsterlân: Aksje Kommende sneon sil der in delegaasje fan likernôch 150 ynwenners...
  3. Frysk yn Skarsterlân by de tiid bringe De FNP yn Skarsterlân komt mei in eigen riedsútstel foar de...
  4. Skarsterlân: Twitterje foar de konteners De gemeente Skarsterlân is fan doel om twiits te ferstjoeren...
  5. Harry Nota Skarsterlân hat soarch Harry Nota kin de aksje fan de Terhernsters fan ôfrûne...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic