Aaisikers net wolkom by Fryske Gea
tongersdei 31 desimber 2009
Aaisikers binne net langer wolkom yn natuergebieten fan it Frysk Gea. De organisaasje wol rêst yn it fjild foar de ljip en foar oare greidfûgels lykas de skries, strânljip en ljurk, dy’t it de ôfrûne jierren troch in kompleks fan faktoaren bysûnder dreech hawwe.
Direkteur Ultsje Hosper fan it Fryske Gea hat soks juster bekend makke. Foarsitter Geart Benedictus fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFWV) reagearre teloarsteld. It nijs fan it ferbod op it aaisykjen komt foar him net as in ferrassing: hy wist dat it aaisykjen by de natuerbehearder al jierren yn besprek wie. “It is gewoan spitich dat it aaisykjen no wer mear beheind wurdt”, seit Benedictus.
Yn de praktyk hat it beslút fan it Fryske Gea gjin grutte gefolgen. Fan de trijetûzen hektare ‘greidegebiet’ wie al twatûzen hektare ferbean terrein foar de aaisikers, omdat it binnen de Natura 2000-rjochtlinen foel. It gie ûnder oaren om de natuergebieten op de Waadeilannen en om de marren hinne. Troch it resinte beslút mei tenei ek net mear nei ljipaaien socht wurde yn de Warkumer Binnenwaard, de Sudermarpolder by Starum, de Burd by Grou en inkelde gebieten by de Tsjonger en de Linde lâns. Mei-inoar giet it om in gebiet fan sa’n tûzen hektare.
Neffens direkteur Ultsje Hosper fan de Fryske natuerbeskermingsorganisaasje is foar it ferbod op it aaisykjen keazen fanwegen de minne kondysje fan de greidefûgels. “Fansels is der foar de efterútgong fan ús greidefûgels in kompleks fan faktoaren te neamen. Mar wy fine rêst yn it fjild, sadat de earste ljipaaien ek in kâns krije, ek in grut belang”.
It beslút fan it Fryske Gea hâldt yn dat de provinsje Fryslân tenei gjin aparte frijstelling mear hoecht te ferlienen om it aaisykjen yn natuergebieten ta te stean.
Ek sjen:









