Ahold nimt Amerikaanske winkels oer
snein 20 desimber 2009Supermerkûndernimming Ahold hat 25 winkels opkocht fan it Amerikaanske Ukrop’s Super Markets yn ’e steat Virginia, dat yn deselde bedriuwstûke krewearret. De oankeappriis is 140 miljoen dollar (97 miljoen euro). Dat makke Ahold tongersdeitejûn bekend.
Ukrop’s is in famyljebedriuw. “Dizze akwysysje is part fan Aholds strategy foar winstjouwende groei”, sa seit topman John Rishton fan Ahold. It bedriuw kundige de nije strategy yn novimber fan dit jier oan.
It is trije jier lyn dat Ahold in winkel oernaam yn ’e Feriene Steaten. It bedriuw hat dêr sa’n achthûndert winkels en hellet dêr sa’n 60 presint fan de totale omset wei.
Ek sjen:
- België ek oan de AH Ahold sil de earste Belgyske Albert Heijn-winkel yn maart 2011...
- Grutte winkels op Werpsterhoeke LJOUWERT – Troch in útspraak fan it Europeeske hôf kin...
- SNS betellet werom Bank- en fersekeringsbedriuw SNS Reaal betellet in diel fan de...
- Amerikaanske blasfemywet opheft WASHINGTON – Filmprodusint George Kalman (foto) mei syn bedriuw I...
- Amerikaanske druk op Nederlân DE HAACH – De Feriene Steaten sette Nederlân ûnder druk...








