Albert Heijn ferkeapet gjin iel

snein 13 desimber 2009

ielFan mids 2010 ôf wurdt gjin iel mear ferkocht by de supermerken fan Albert Heijn. Yn neifolging fan in pear oare supermerken staakt it concern de ferkeap fan de fisksoarte, omdat iel in slim bedrige bistesoarte is. Dat hat de Albert Heijn-direksje bekend makke.

Fan mids 2010 ôf wurdt gjin iel mear ferkocht troch de supermerken fan Albert Heijn. Earder hellen Jumbo, Dirk, Bas, Digros en Jan Linders de iel al út it assortimint. Sûnt 2007 stiet de fisksoarte op de saneamde Reade List fan bedrige bistesoarten. Albert Heijn hat yn gearwurking mei it Wereld Natuur Fonds in duorsum alternatyf foar iel ûntwikkele. It giet dê rby om in oare rikke fisksoarte. Dy rikke fisk leit foar Peaske yn ’e supermerken.

Euro Shopperiel
Albert Heijn hâldt fan jannewaris ôf al op mei it ferkeapjen fan Euro Shopperiel, in goedkeape fariant. De oare ielprodukten wurde letter út ’e fekken helle.
Albert Heijn sil op de ferpakking fan iel sette dat de fisk slim bedrige wurdt en ljochtet de klanten yn oer alternative rikke fisk, dy’t like lekker smeitsje soe as rikke iel.

Ferbod
Foar in ferbod op it ferkeapjen fan iel wurdt al in hiel skoft striden. Ferskate bistebeskermingsorganisaasjes stelle ek de wize wêrop’t  de iel deamakke wurdt oan ’e kaak. De bistkes komme op in ûnbehoarlike wize oan harren ein. De iel wurdt libben yn sâlt wetter goaid, om se te ûntdwaan fan harren slymlaach. De deastriid kin neffens Wakker Dier wol tweintich minuten duorje.

Miljeu-organisaasje Greenpeace, dy’t al jierren foar de iel yn’t spier is, is tige wiis mei it beslút om gjin iel mear te ferkeapjen. “Iel is de meast bedrige bistesoarte yn Nederlân en de measte fisk wurdt ferkocht yn de supermerk”, sa’t in wurdfierder fan Greenpeace sei. “In broadsje mei iel ite, is krekt as it iten fan in broadsje mei orang-oetan.”

Ek sjen:

  1. Albert Heijn is dea PUDLESTON COURT – Albert Heijn, âld-topman fan it Ahold-konsern, is...
  2. Jumbo ferkeapet gjin iel Takomme jier sil yn de supermerken fan Jumbo gjin iel mear...
  3. Twitter hat de minsken yn de macht Ien grapke of útspraak op Twitter kin grutte gefolgen ha....
  4. AH wol wet op duorsume produkten Neffens Supermerkreus Albert Heijn moat de oerheid de merk foar...
  5. Kening Albert hat in healsuster BRUSSEL – De Belgyske kening Albert II hat in healsuster....

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic