Diskriminaasje moslims yn Europa

woansdei 16 desimber 2009

moslimsAnty-moslimsentiminten foarmje in dreech probleem yn Europa. Tefolle Europeanen leauwe dat in religieuze identiteit yntegraasje tsjinwurket, wylst de measte moslims har krekt o sa identifisearje mei de stêd en it lân dêr’t se yn wenje.

Dat stelt de stichting Open Society Institute (OSI) yn in rapport dat tiisdei útkaam. OSI set him ûnder mear yn foar minskerjochten en demokratysk bestjoer. It rapport stuolket ûnder mear op twatûzen djipte-ynterviews mei minsken yn alve Europeeske stêden, dêr’t Amsterdam en Rotterdam ek by binne.

Hoewol’t de measte moslims al jierren yn Europeeske stêden wenje, hawwe in soad mei diskriminaasje en it erchtinken fan autochtoane befolkingsgroepen te meitsjen, neffens OSI. De stichting stelt dat it rapport lykwols oan it ljocht bringt dat befolkingsgroepen fan alderlei slach dochs itselde ferlet hawwe en oer deselde problemen yn sitte. “It iennige dêr’t se yn ferskille, is hoe’t oaren harren behannelje en achtslane.”

De OSI bepleitet yn syn rapport maatregels op regionaal, nasjonaal en Europeesk nivo om religieuze diskriminaasje tsjin te gean. “Europa moat syn tasizzingen fan in iepen en ynklusive maatskippij wiermeitsje”, stelde Nazia Hussain fan OSI.

Ek sjen:

  1. Diskriminaasje makket siik
  2. Nul-mjitting ramtferdrach
  3. Diskriminaasje gewoan yn Flaanderen
  4. Rommel laat ta diskriminaasje
  5. `Nederlân smoarchste lân fan Europa’

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic