Feestlike fiering mei lêzingen en krystlieten

moandei 14 desimber 2009

123_2364GROU – Sneintemiddei 20 desimber wurdt yn de Sint Pitertsjerke fan Grou in meartalige ‘feestlike fiering mei lêzingen en krystlieten’ holden. Dêr is elkenien – ek minsken dy’t gjin bân mei tsjerke ûnderhâlde – tige by wolkom. De opset is om sa te sizzen leechdrompelich. Dy opset is oernommen fan in âlde Ingelske tradysje. Under de namme ‘Festival of Lessons and Carols’ wurdt dy oant hjoed-de-dei fuortset, net allinnich yn Ingelân mar ek yn ús lân. Altyd krekt foar it eigentlike krystfeest, om mei-inoar te fieren dat yn it tsjusterste fan de tiid altyd wer it ljocht opgiet.

De lêzingen út de bibel (de Lessons) binne altyd deselde. Se ferhelje oer de wei dy’t God mei minsken giet, fan de skepping ôf oant en mei de berte fan Jezus Kristus. Dy lêzingen wurde troch minsken út Grou fersoarge. Dy lêze se út de Fryske bibeloersetting en út de twa nijste Nederlânsktalige oersettingen.
        De lieten (de Carols) kinne fan jier ta jier en fan plak ta plak wikselje. Foar de fiering yn de Sint Piter­tsjerke binne tolve prachtige, meast bekende lieten útsocht. Dy wurde songen troch de sjonggroep Eigenwize, troch in projektkoar út Grou en omkriten èn troch alle oanwêzigen. De lieten klinke yn it Frysk, it Hollânsk en it Ingelsk.

De sjonggroep Eigenwize bestiet út Jannie de Jong-Seinen, Muriël en Sjirk Seinen en Alie en Lolke Hoogeboom. In kwintet mei prachtige stimmen!
It projektkoar is spontaan foarme troch minsken út Grou en omkriten, nei in oprop yn de media. Dy minsken fersterkje de besteande kantorij fan de Sint Pitertsjerke. Mei-inoar binne it in lytse fyftich sjongers. Se hawwe fjouwer freedtejûnen de lieten mearstimmich oefene ûnder lieding fan Jan Breimer, de kantor fan de Sint Pitertsjerke.
Hans Bijker begeliedt it mei-inoar sjongen op it oargel.

 It begjint om 16.00 oere. De tsjerkedoar stiet fan healwei fjouweren ôf iepen. De tagong is fergees.

Fanwegen de iisbaan op It Grien, de kulinêre manifestaasje ‘Priuw Grou’ en de winkelsnein, is it oan te rieden om by de haven oan de Volmawei te parkearjen. Dêrwei is it mar in eintsje rinnen ei de Sint Pitertsjerke.

Ek sjen:

  1. Feestlike fiering yn Grou
  2. Akademy-lêzingen
  3. 52ste rige Akademy-lêzingen
  4. Sint Piter komt yn Grou oan
  5. Fryske tsjerketsjinsten 31 july 2011

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic