Gedicht: Te plak
tiisdei 22 desimber 2009Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my.
Lês mar ris fierder. Bauke Miedema út Menaam.
de reed del
troch de finne
rinst derhinne
ik tink
it fielt as hiest
altyd dêr wenne
op dizze pleats
de skilder skilderet
liket my
op syn gemak
yn ’t skilderij
de pleats teplak
dan pakt er gau
de loft moat grau
de kwast
mei winterblau
en dat kin hiel wat lije
want aanst moat it
ôfgryslik snije
tinkt hy
tink ik
syn tubes wyt
kin er dan ek
moai kwyt
en hoe
je kin hjir ek út lêze
it omgean
mei de kwast
rikt fierder as ien wêze
It skilderij rjochtsboppe is skildere troch de hear Henk Nijp. Sjoch foar mear wurk op: http://www.itswartepompebled.nl/
Ek sjen:









