Gedicht Wintersliep
snein 6 desimber 2009
Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my.
Lês mar ris fierder. Bauke Miedema út Menaam.
wintersliep
flamjende loften
hingjend
oer ‘n wide wite wrâld
dy’t stiif stiet fan de stilte
d’ ynsnijde karre mei syn machtich tsjel
jout him hjir tige noflik del
en seit ús wat er sels net sizze kin
as monumint
fan minsklik skrippen
mei fuort
mei ho
en grutte waan
oer ’t lytse witten
no net mear tinke lit mar besinke en
dream it gean troch ‘t bestean
sa’t it moatten hie as sa ‘t it wie
dêr’t neat en alles
elkoar treffe
leit it begjin
begripe wolle is tefolle.
It skilderij rjochtsboppe is skildere troch de hear Henk Nijp. Sjoch foar mear wurk op: http://www.itswartepompebled.nl/
Ek sjen:
- Gedicht: ûnderweis Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht: It labyrint Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht: Tiid De tiid giet foarby, sizze wy. Mar wy fersinne ús....
- Gedicht de waarme bakker “Wiis mei ús waarme bakker” As jûns let reek fan...
- Gedicht: kremaasje Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...









Jabik
7 desimber 2009 16:04
Dit smakket nei mear.
Lútsen Bakker
7 desimber 2009 19:22
Moai gedicht. Twa bonkjes: meer = mear
wêr’t = dêr’t
Anoniem
28 oktober 2010 23:57
beste bauke miedema,
ik volg je gedichten nu al een tijdje, ik ben zeer enthousiast hierover.
Ga je hiermee door?
xxx je stille aanbidder