Iisberch driuwt nei Australië

snein 13 desimber 2009

ice-mountain-1In gigantyske iisberch fan 140 kante kilometer grut driuwt yn de rjochting fan Australië. It bart mar ien kear yn ’e ieu dat sa’n grutte skosse yn dat gebiet op drift rekket. Dat makken ûndersikers woansdei bekend.

De iisberch is 19 kilometer lang en driuwt sawat 1700 kilometer súdlik fan Australië. De skosse waard troch satellytbylden ûntdutsen.

Dy iisskosse is net de ienige yn it gebiet. Yn de rjochting fan Nij-Seelân driuwe hûnderten iisbergen, al binne dy in stik lytser. Guon fan dy iisskossen binne 200 meter lang. De skipfeart besuden Australië en Nij-Seelân is warskôge om op te passen foar driuwende stikken iis.

Ek sjen:

  1. Australië lit fersmoarger betelje CANBERRA – De Australyske senaat hat tiisdei ja sein tsjin...
  2. Nije bisten Australië In Australyske groep wittenskippers hat in oantal prehistoaryske diersoarten ûntdutsen,...
  3. Australië baarnt PERTH – Australië is no just net fortúnlik de lêste...
  4. Famke teheisteret Australië De swierrichheden mei de oerstreamings yn Australië binne noch lang...
  5. Needtastân yn Australië MELBOURNE – It suden fan Australië is troffen troch de...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic