Goedfrysk.nl giet bêst

sneon 19 desimber

Hast alle dagen krije de frijwilligers fan goedfrysk.nl teksten tastjoerd. Yn hast fjouwer moanne binne mear as fyftich teksten ynkommen. Dêr binne de frijwilligers mei op it skik. Echt drok hawwe se it noch net. It tal neisjoggers is grut genôch om it oan te kinnen. Der binne ek dagen dat se wol fjouwer teksten tastjoerd krije. Dan is it wol eefkes oanpoatsjen. Fansels spilet it tal wurden fan de teksten dêr ek yn mei. Wat ynkomt is hiel ferskillend fan aard. Fan in koart gedichtsje oant in ferhaal dat yn de doarpskrante moat.

By www.goedfrysk.nl kinne minsken teksten opstjoere dêr’t se net hielendal wis fan binne oft se alles goed skreaun ha. De teksten wurde fertroulik behannele en neisjoen. Dêrnei wurde se ferbettere weromstjoerd.

Ek sjen:

  1. Miny-teater giet ticht
  2. Lintsjerein 2010
  3. Tryater siket frijwilligers
  4. It giet goed mei it Liwwarders
  5. It giet goed mei de sljochtfalk

2 reaksjes op “Goedfrysk.nl giet bêst”


  1. Andrys Onsman
    21 septimber 2009 12:56

    Allegeare, tige tank!


  2. Lútsen
    16 jannewaris 2010 20:43

    Goed en hiel taalbefoarderjend inisjatyf. Alle lof.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic