Google startside likernôch leech
snein 6 desimber 2009
Google hat de Amerikaanske ferzje fan syn startside drastysk omsmiten. Wa’t op it webstek komt, sjocht allinnich noch it Google logo en de balke dêr’tst mei sykje kinst. Fierder hielendal neat. Oant’st mei de mûs yn ‘e buert fan de balke komst. Dan ferskynt de âlde, fertroude startside. Yn Fryslân is de feroaring ûnderwilens ek trochfierd. Neffens Marissa Mayer moat de minimalisearre startside bydrage oan it imago fan Google.
Ek sjen:
- Nij grapke fan Google Sykmasine Google hat in nij grapke. Wa’t de tekst “let...
- Google stipet de opstân Google hat in tsjinst lansearre dy’t der foar soarget dat...
- België ferbiedt Google News BRUSSEL – Google hannelet yn striid mei de Belgyske wet...
- Google mei gjin wurden mear ôfmeitsje De rjochtbank yn Tokio hat beskaat, dat Google yn Japan...
- Google+ 25 miljoen brûkers Manlike “geeks” en studinten binne warber op google+. Dat hat ûndersyksburo...








