Jan Brens 40 jier dirigint
moandei 7 desimber 2009
Yn ’e hjerst fan 1969 polske Wybren Valkema Jan Brens of hy it Christelijk Sneker Jongenskoor fan him oernimme woe. Brens hat dêr posityf op reagearre. It wiene syn earste stappen op it paad fan dirigint. De earste mienskiplike útfiering fan it jongeskoar mei Edoza en de bekinde bariton Henry Blackmon wie op 13 febrewaris 1970 yn de Martinytsjerke fan Snits. Foar 1969 wie Jan Brens al in pear jier ynstrukteur fan ferskate drumbands yn de omkriten fan Snits (û.o. Toppenhuzen en Heech).
Neidat Brens in baan yn it ûnderwiis yn Drachten oannommen hie, stie er foar ûnderskate koaren en korpsen yn de regio Drachten. Nei 1980 wie er yn Snits werom. As ûntwerper fan learmiddels en skriuwer fan methoaden waard er yn de tachtiger jierren lanlik bekend yn it basis- en fuortset ûnderwiis.
Op’t heden is Brens dirigint fan it manljuskoar Laus Deo uit Warkum (sûnt 1987), it Anbokoar út Wolvegea (sûnt 1999), it Frysk koraalorkest Hymne (sûnt 2003) en it ferline jier oprjochte Frysk Manljusensemble. Mei it Anbokoar helle Brens in tal kearen de heechste eare op konkoersen yn Fryslân en op it Nederlânsk Koarfestival.
As autodidakt skreau Brens in 1000-tal wurken foar sawol koar as orkest. Jan Brens skriuwt syn teksten yn it Frysk, Hollânsk, Ingelsk en Stellingwarfs (dat lêste yn ‘e mande mei Johan Veenstra). De koaren yn Fryslân kenne Brens ek as sjurylid by sjongfestivals. As saksofoanist solearret er gauris by konserten en jubilea fan oare koren.
By de optredens mei it koaraalorkest Hymne yn de Martinytsjerke fan Snits is altyd in grut tal besikers oanwêzich. De tige tagonklike muzyk fan Brens lûkt in breed publyk. It mei-elkoar sjongen, de meiwurking fan bekende artysten as Marco Bakker, Thijs van Leer, Jan Vayne e.o. en de fariaasje yn it repertoire lutsen de lêste jierren in protte minsken nei de konserten yn Snits en wide omkriten. Ek sûnder “grutte” nammen komme de minsken graach nei de optredens. It op 15 novimber hâlden konsert fan Hymne yn de Martinytsjerke fan Boalsert, yn ‘e mande mei it Warkumer manljuskoar liet it gelyk fan de formule fan Jan Brens en syn koaren en orkest sjen:
waarmte troch koarsang, ynstrumintale muzyk en mei elkoar sjonge!
Yn in folle tsjerke ha de oanwêzigen geniete fan it konsert!
Op 22 desimber hâldt it Frysk Manljusensemble in krystkonsert yn de Eastertsjerke fan Snits om 20.00 oere.
As gastsprekker sil de bekende Snitser Jan Brandsma in bydrage leverje.It solistekoar, dat koartlyn syn earste CD útbrocht, hat de hiele opbringst bestimd foar in famkesskoalle op Sri Lanka. Alle jild wurdt elk jier persoanlijk oerbrocht troch direkteur Siep Dijkstra fan Studio-Hitfabryk yn Gytsjerk. De fleanreis wurdt privé betelle. Op dit krystkonsert sil omtinken jûn wurde oan it jubileum fan dirigint/saksefoanist Jan Brens, hikke en tein yn Snits.
Ek sjen:










Frouke
9 desimber 2009 09:38
Lokwinske Jan Brens