Jorritsma praat Frysk

freed 4 desimber 2009

jorritsmaBy de útrikking fan de Fryske Anjer oan Hindrik van der Meer hat John Jorritsma syn taspraak yn it Frysk dien. Neffens de oanwêzigen gie him dat maklik ôf.  Oan de útspraak wie te hearen dat Jorritsma in Fryske eftergrûn hat. No’t it iis brutsen is sil er him faker yn it Frysk uterje moatte. Belofte makket skuld.

Ek sjen:

  1. Praat mar Frysk-Talestikker
  2. Praat mar Frysk by plysje Fryslân
  3. Frysk foar abbekaten
  4. Praat mar Frysk op TV
  5. Praat mar Frysk by de dokter

4 reaksjes op “Jorritsma praat Frysk”


  1. Leon
    5 desimber 2009 15:15

    Sa binne dêr in soad misken dy’t wol Frysk kinne mar it net prate. Ik fyn dat wol in bytsje spitig.


  2. Geart
    5 desimber 2009 20:43

    Hy hie him ek skamje moatten as er it oars dien hie by Hindrik en Beitske.


  3. André van der Meer
    5 desimber 2009 23:54

    It soe wat my oanbelanget in funksejeaske wêze moatte dat de kommissaris yn Fryslân it Frysk passyf en aktyf behearsket. En it ek brûkt blikstiender.


  4. Hâns Weijer
    8 desimber 2009 23:32

    Myn kompleminten dat er it dien hat.
    As jo yn it deistich libben net altiten Frysk prate, dan falt soks net ta.
    Ik soe sizze Jorritsma, sjoch it as in oerwinning op josels en doar it no troch te setten.
    Súkses tawinske!
    Gr.,
    Hâns J. Weijer
    skriuwer fan It Frysk Boun om Utens
    http://www.fryskbutenfryslan.nl

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic