Krystkonsert Hymne
moandei 7 desimber 2009
It Frysk Koraalorkest Hymne hâldt snein 20 desimber om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits syn tradisjonele krystkonsert yn gearwurking mei it rom 100 leden tellende gelegenheidkoar út de regio Snits. Alde en nije krystlieten wurde ôfwikseljend mei muzyk, koarsang en mienskipliksjongen foar it fuotljocht brocht. De algehiele muzikale lieding is yn hannen fan dirigint Jan Brens.
Hymne spilet û.o. Neapolis (betsjut lykas Napels nije stêd) fan komponist Dean Goffin en Licht, dat ons aanstoot in de morgen yn in bewurking fan de dirigint.
It Krystkoar 2009 bestiet út leden fan ûnderskate ferienings út Snits, Wymbritseradiel en oare leafhawwers fan sjongen út de hiele Súdwesthoeke. Yn in pear repetysjes binne in tsiental krystlieten ynstudearre, û.o. Kom. ’t is Kryst, O heilige nacht en Transeamus.
De begelieding op piano is in hannen fan Jan Moens út Luttelgeest en âld-Snitser Bouwe Marra. Jan Brens spilet mei begelieding fan piano in solo op de saksofoan.
De tagong by it Krystkonsert is, sa as gebrûklik by Hymne, fergees, mei in kollekte by de útgong.
It Frysk Koraalorkest Hymne treedt jierlijks sa’n 15 kear op yn konserten, by tsjerketsjinsten en oare bysûndere gelegenheden. De doelstelling fan leden en dirigint is om waarmte te versprieden troch muzyk en mienskiplik sjongen! De leden komme út in 20-tal plakken út Fryslân. Sûnt de oprjochting yn 2003 hat it orkest al in stikmannich tradisjes. Ien dêr fanis it krystkonsert op de snein foar de Kryst yn de Martini en ien kear yn de twa jier mei Peaske in eigen kantate. In 2010 wurdt de Jezuskantate útfierd, yn gearwurking mei in grut ad-hoc-koar. De première van deze kantate, dy’t skreaun is troch Jan Brens, is op earste peaskedei om 15.30 uur yn de Martinitsjerke fan Snits.
Ek sjen:








