Macht en minsken
tongersdei 31 desimber 2009Salang’t der minsken binne, binne der minsken dy’t macht hawwe wolle, en jild.
Tsjintwurdich is dat wier net oars as eartiids, doe’t lânhearren harren hearrige boeren it fel oer de earen lutsen.
No binne it de wurkezels dy’t belies jaan moatte.
Fersoargers wurde yn funksje werom set “om jild te besparjen”. Der moat dan wol ien hinne te kontrolearjen.
Dat kostet fansels gjin jild, dat miskien better bestege wurde koe oan de fersoarging.
Dejinge dy’t fersoarge wurde moat, moat in jier yn ’t foar oanjaan wannear’t er siik wurde sil en hoefolle minuten dat er deis noadich hat om net te stjerren.
Asto dy net bine wolst oan regels, protokollen en gedrachskoades, dan bisto in gefaar foar de mienskip.
Hokker mienskip ek wer?
O ja, dy fan de minsken.
Klaske Hiemstra
Ek sjen:









K. Koopmans
1 jannewaris 2010 09:24
Ik sit yn it ûnderwiis. Jierrenlang ha ik mear as in jier yn ‘t foar skema’s ynfolje moatten mei hokker stof ik behannelje soe, alle tsien minuten. Om gek fan te wurden. No kinne se hast gjin leararen mear krije, dus…