Marcus Bakker stoarn
tongersdei 24 desimber 2009
Amsterdam – Foarhinne CPN-topman Marcus Bakker (86) is tongersdei stoarn. Dat makke syn famylje bekend.
Bakker kaam yn 1956 yn de Twadde Keamer foar de Kommunistyske Partij Nederlân, neidat er in tal jierren haadredakteur west hie fan it kommunistyske deiblêd De Waarheid.
Al gau waard hy it gesicht fan de partij, benammen doe’t er yn 1963 fraksjefoarsitter waard. Hy besette dy funksje oant de Keamerferkiezingen fan 1982.
Bakker waard op 20 juny 1923 berne yn Zaandam. Yn de twadde wraldoarloch siet er yn it ferset. Yn 1943 waard er lid fan de (doe noch) ferbeane CPN.
Ek sjen:








