Konferinsje Europeeske kieslisten
moandei 7 desimber 2009
Op freed 11 desimber sil de FNP yn gearwurking mei de Europarlemintspartij EFA (www.e-f-a.org) en har wittenskiplik buro Maurits Coppieters (http://cmc-foundation.eu/) in mini-konferinsje organisearje oer de mooglikheid om yn ‘e takomst Europeeske kieslisten te foarmjen. Dêrby sil benammen sjoen wurde nei de kânsen om oer de steatsgrinzen hinne op kandidaten fan de hiele EU te stimmen. Dat is al langer in winsk fan de FNP, mar oant no kin yn de measte gefallen allinnich steatsnasjonaal stimd wurde.
Fragen dy’t ûnder oare sintraal steane:
- wurdt de foarming fan ien Europeeske list mei kandidaten út hiel Europa mooglik?
- mei oare wurden, kinne Friezen yn ‘e takomst op in Breton of Skot stimme?
- wurdt it net te burokratysk om sa’n list te foarmjen?
- komme der ek gjin oare ‘prosedurele’ behinderings, lykas kosten of minimum-tal lidsteaten om sa’n list te foarmjen?
Op de byienkomst sil ek de fergelykjende stúdzje, dy’t útfierd is troch professor Simon Tubeau fan de London School of Economics, oan it publyk presintearre wurde. Yn dy stúdzje wurdt besjoen yn hoefier’t lytse en grutte partijen gelikense mooglikheden hawwe om diel te nimmen oan it politike systeem. Yn in soad lannen besteane kiesdrompels, finansjele, administrative en burokratyske beheinings foar nije en/of lytse partijen om diel te nimmen oan de ferkiezings.
De byienkomst wurdt hâlden yn ‘De Bres’, Skoallestrjitte/Schoolstraat 4 te Ljouwert (achter De Harmonie). Om 15.00 is der ynrin mei kofje en tee. De mini-konferinsje sels begjint om 15.30 oere en sil sawat ien (1) oere duorje (oant 16.30). De byienkomst is iepenbier, elkenien is fan herten wolkom (tagong frij, fergees).
Boarne: http://www.sybrenposthumus.com/
Ek sjen:
- PVV-skepsis by Europeeske liberalen HELSINKY – De liberale fraksje ELDR yn it Europeesk Parlemint is...
- Europeeske fragen oer Tryater BRUSSEL – De FNP hat syn fertsjintwurdigers fan de EVA,...
- EFA-konferinsje 2012 yn Ljouwert BRUSSEL – It bestjoer fan de Europarlemintspartij EFA (Europeeske Frije...
- FUEN skriuwt brief Europeeske Uny De 85 leden fan de FUEN rjochtsje har yn in...
- Brek yn Europeeske SP-fraksje BRUSSEL – It Nederlânske europarlemintslid Kartika Liotard stapt út de...








