Oanpak slûprûte migranten sukses
woansdei 23 desimber 2009
De oanpak fan in Europeeske ‘slûprûte’, wêrmei’t migranten dochs noch in ferbliuwsfergunning foar Nederlân besykje te krijen, liket te wurkjen. Steatssekretaris Albayrak (Justysje) ferwachtet dat de flugge oanwaaks fan it tal migranten dat gebrûk makket fan de saneamde Europa-rûte, ta stilstân brocht is.
Dat hat Albayrak freed oan de Twadde Keamer skreaun. It tal ferbliuwsoanfragen fia de Europa-rûte is tusken 2005 en 2008 mear as ferdûbele. Dy groei sil fan ’t jier neffens ferwachting net trochsette, sa sei de steatssekretaris.
Minsken mei in Nederlânsk paspoart kinne de regels foar it byinoar bringen fan de húshâlding omsile troch harren tydlik yn in oare Europeeske lidsteat nei wenjen te setten, bygelyks België. Se litte dêrnei in partner oerkomme en geane dan werom nei Nederlân. Op dy wize meitsje se gebrûk fan Europeeske regels foar it byinoar bringen fan de húshâlding en dy binne soepelder as de Nederlânske wet. Underwilens wurde ferbliuwsoanfragen op grûn fan dy Europeeske regels faker ôfwiisd.
Ek sjen:
- Proef oanpak taalefterstân wurket In trijejierrige proef om taalefterstannen tsjin te gean, hat fertuten...
- EU: Ienriedich asylbelied BRUSSEL – De Europeeske Kommisje wol in ienriedich asylbelied foar...
- Rouvoet fuort Fraksjefoarsitter André Roevout fan de ChristenUnie (CU) hat hjoed syn...
- Feilige oanpak reuma Reumatoïde artritis kin effektyf en feilich oanpakt wurde mei in...
- Ferleegjen oerdrachtsbelesting sukses DE HAACH – It ferleegjen fan de oerdrachtsbelesting fan 6...








