Omrop Fryslân twadde radiokanaal

tongersdei 31 desimber 2009

top 100 fryslanOmrop Fryslân hat hjoed in twadde radiostjoerder. De hûndert nûmers fan de Fryske Top 100 komme lâns. Om de stjoerder te ûntfangen moar der surfd wurde nei http://www1.omropfryslan.nl/harkjetop100.aspx 

It giet earst om in eksperimint fan in moanne. De omrop hat yn 2009 ynvestearre yn apparatuer om mear ynternetstreams mooglik te meitsjen. As it goed foldocht, wol de omrop faker aparte stasjons opsette. Dat kin gean om oare muzyk of bygelyks om in temakanaal mei it Oerolfestival op Skylge.

Ek wurde mooglik programma’s út it rike argyf fan Omrop Fryslân oanbean. De útstjoering fan it Fryske Top-100 temakanaal op ynternet begjint op âldjiersdei

Ek sjen:

  1. Omrop Fryslân makket muzykhit
  2. “De winterwiken” by Omrop Fryslân
  3. Omrop Fryslân siket jonge akteurs
  4. Tweintich banen fuort by Omrop Fryslân
  5. Omrop Fryslân op Android

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic