Reade Krús by finzenen Taliban
tongersdei 17 desimber 2009
It ynternasjonale Reade Krús hat foar it earst finzenen fan de Taliban besocht. Dat hat de organisaasje tiisdei bekend makke.
Fertsjintwurdigers fan it Reade Krús besochten foarige moanne by twa gelegenheden trije Afgaanske militêren of polysjemannen dy’t troch de Taliban fêst holden wurde yn de noardwestlike provinsje Badghis. It reade Krús neamt de besite in trochbraak.
It Reade Krús besiket kriichsfinzenen yn de hiele wrâld, om te sjen hoe’t it mei harren giet en hoe’t se behannele wurde. It helpt de finzenen ek om kontakt te lizzen mei har famylje. De organisaasje docht gjin ynhâldlike meidieling oer de besites.
Yn Afghanistan besiket it Reade Krús finzenen op 136 lokaasjes. Sûnt de Amerikaanske ynvaazje fan 2001 hat it mear as 6000 finzenen registrearre.
Ek sjen:
- Salaris direksje Reade Krús omleech De direkteur fan it Reade Krús lit fan needs syn...
- Taliban fergiftiget skoalfamkes Yn it noarden fan Afganistan binne de ôfrûne wike mear...
- 27 Taliban en Al-Kaida omkaam Unbemanne Amerikaaanske fleantugen hawwe raketten ôfsketten op in moeting fan...
- ‘Helje ETA-finzenen nei Baskelân!’ BILBAO – Yn de Súd-Baskyske stêd Bilbao hawwe sneontejûn tsientûzenen...
- Israel: 1000 finzenen ruilje foar 1 TEL AVIV – Tiisdei sil Gilad Sjalit frijlitten wurde. De...








