Sensoaren bringe files op de kaart

tiisdei 29 desimber 2009

Tsientûzenen sensoaren yn de Nederlânske wegen registrearje eltse minuut de situaasje op de wegen. De ynformaasje út de mjitpunten is sûnt hjoed te folgjen op it ynternet. 

De ferkearsynformaasje wurdt opslein yn de Nasjonale Databank Weiferkearsgegevens (NDW) en op in kaart yntekene. De hiemside “Fileindex.nl”, ûnderdiel fan Buienradar hat de primeur en publisearret hjoed as earste dizze nije ferkearsynformaasje.
Alle autosnelwegen, mar ek in protte lokale wegen, ha de mjitpunten. Alle kearen as  in auto by in mjitpunt rydt, wurdt der ynformaasje útwiksele en opslein yn de Nationale Databank. Dy database, dy’t ôfrûne simmer feestlik iepene waard troch minister Eurlings, wurdt fan minút ta minút bywurke. Alle ynformaasje byelkoar jout in goed oersjoch fan de tastân op de snelwei.

“NDW sil de konsumint net folle sizze, mar as jo de kaart mei de kleurkes sjogge snappe jo dat it om ferkearsynformaasje giet”, seit Edwin Rijkaart fan fileindex.nl. “In reade kleur wol sizze dat it ferkear stadich giet. Grien is goed en dêr streamt it ferkear troch.”

De data litte de drokte op de wei sjen. De eksakte snelheden per trajekt binne foar elk stikje dyk op te kaart te lêzen. Rijkaart seit: “It is te ferlykjen mei de delslachsifers op de buieradar. De data binne net op basis fan ferwachtings, foarsizzings of oare faachheden mar op basis fan de werklike situaasje. Wy binne de earste dy’t it publisearje”. De ynformaasje is altyd aktueel. Men kin sels de eksakte snelheden ôflêze en bepale of it trochsteamt of net. De data binne te finen op:  http://www.fileindex.nl

Ek sjen:

  1. Moaie kaart fan de Fryslannen
  2. Kultuerhistoaryske kaart fan Fryslân
  3. Trochstutsen kaart?
  4. Dokke foar files Rânestêd?
  5. Unbidige datadiefstal troch Google

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic