Studinten helpe Absolut Vodka
tongersdei 17 desimber 2009
Ofrûne sneon binne 70 studinten fan de NHL nei Sweden ôfreizge. Foar de reis hawwe ferskate Sweedske bedriuwen de studinten frege om in kommunikaasjeprobleem op te lossen. De studinten sille fan ’e wike de bedriuwen by del om harren earste gedachten oan de direksjes te presintearjen.
Ta de groep studinten heart ek Tineke Smidt, in 23-jierrige Dokkumse. Har opdracht komt fan Absolut Vodka. Absolut organisearret begjin 2010 in wedstriid en dêr moat safolle mooglik omtinken foar komme. Der wurdt gjin gebûk makke fan de wenstige advertinsjes en promoasjemiddels. De oandacht moat dus troch de saneamde “guerilja aksjes” lutsen wurde. Dat binne aksjes dy’t sa opfallend of ludyk binne dat de parse derop ôfkomt. De opdracht fan Tineke is om sa’n aksje te betinken. Hja fynt dat in grutte útdaging: “It is moai om bûten de kaders fan de gebrûklike advertinsjes te tinken. Sa wurde jo prikkele om mei kreative oplossings te kommen.”
Tongersdei wurde de ideeën oan de direksjes fan Absolut yn Åhus presintearre. Oan de hân fan it kommentaar fan de direksje wurde de ideeën útwurke yn in rapport. Dat rapport wurdt ein jannewaris nei Absolut stjoerd.
Ek sjen:
- Nederlân hat 76.500 bûtenlânske studinten Yn it Nederlânske heger ûnderwiis studearje likernôch 76.500 bûtenlânske studinten....
- De NHL hat mear studinten Frysk De NHL yn Ljouwert hat mear oanmeldings foar de stúdzje...
- Mear studinten by studinteferienings It tal studinten by studinteferienings is dit jier bot tanommen....
- Mear studinten op NHL LJOUWERT – De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert NHL hat dit...
- Studinten InHolland spylje falsk DIEMEN – Studinten fan hegeskoalle InHolland yn Diemen hawwe de...








