Digitale wurdlist Nederlânske taal

freed 18 desimber 2009

Yn 2007 hat it ‘Comité van Ministers’ besletten dat it systeem fan regels fan de Nederlânske stavering mei it útkommen fan it ‘Groene Boekje’ edysje 2005 klear wie.
By nije edysjes fan de ‘Woordenlijst Nederlandse Taal’, lykas de wersjenning dy’t yn 2015 plend is, moat de klam op it behear en ûnderhâld komme te lizzen. Op syn gausten takomme jier wurdt de kommisje gearstald dy’t him mei mooglike oanpassings dwaande hâlde moat.
Neffens de ‘Taalunie’ freget gjinien om it opstellen fan nije staveringsregels. De oanpassing moat benammen foar mear mear gebrûksgemak soargje. De nije list moat foaral wurden befetsje dy’t noch net yn de âlde steane, en moat better troch te sykjen wêze. Dêrom komt der gjin nije papierene edysje fan it Groene Boekje. Tenei kin folstien wurde mei in digitale list, dy’t fergees te krijen is, neffens de Taaluny.

It soe in goed ding wêze as foar de Fryske taal ek sa’n uny bestean soe, dy’t ek in digitale list fan Fryske wurden opstelt en beskikber stelt, ek mei in oantsjutting fan it skiedingsplak fan de wurdlidden, sa’t it Griene boekje dat hat.

Ek sjen:

  1. Ferlet fan Wurdlist Fryske taal De lêste tiid hawwe ferskillende ynstânsjes der by Provinsjale Steaten...
  2. Meldpunt Nederlânske Taal 15 juny online It Nederlânsk feroaret hieltyd, mar oant no ta ûntbriek de...
  3. Nederlânske boekewike begûn AMSTERDAM – Mei it boekebal yn Amsterdam is tiisdeitejûn de...
  4. Nederlânske bern wurde better yn taal ARNHIM – Nederlânske bern yn groep 4 en 8 fan...
  5. Dea ergerje oan taal? De manier wêrop’t de Nederlânske taal brûkt wurdt en útsprutsen,...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic