Tuskentiden: begeliedings- en koarbondel

woansdei 30 desimber 2009

tuskentidenYn oktober 2006 kaam it lieteboek Tuskentiden út. Dat is de Fryske oersetting fan Tussentijds, dat in jier earder útkommen wie. Dy bondel foarsjocht yn it ferlet oan nije lieten yn de tiid tusken it Lieteboek foar de Tsjerken (1973 /1980) en it nije Lieteboek dat yn 2012 útkomme sil; alteast de Nederlânske ferzje. Oan de Fryske oersetting fan Liedboek sil dan noch trochwurke wurde.

Tuskentiden hat in tajefte fan 32 lieten dy’t net yn Tussentijds steane. Koart dêrnei kamen by dy tajefte in begeliedingsboek en in bondel mei koarsettingen út. Dy beide bondels wiene al frij gau útferkocht. Sûnt koart binne se wer te krijen.

De begeliedingsbondel kostet € 12,50 en de koarbondel € 8,50.

Salang’t der foarried fan is, binne se te bestellen by W. Rozendal yn Damwâld, telefoan (0511) 42 37 12, e-mail: wesselrozendal@hotmail.com.

It lieteboek Tuskentiden sels is yn de boekhannel te keap: ISBN 978 90 435 1318 0. Dat kostet € 18,50.

Ek sjen:

  1. Mear eigen lieten Frysk Lieteboek It nije Frysk Lieteboek moat mear eigen Fryske lieten krije....
  2. Fryske Sjongmiddei yn Snits (YKFE) SNITS – Yn 2012 komt it ‘Liedboek, zingen en bidden...
  3. Lieteboek Voor een zoeker als de mens Wat moatte lju fan alderlei komôf en út ûnderskate tradysjes...
  4. Sjongmiddei YKFE – snein 16 oktober De sjongmiddei fynt plak yn ’e Martinitsjerke fan Snits. Meiwurking...
  5. Priisfraach Lietoersetten YKFE Yn 2009 hat de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic