2009 in bysûnder goed briedseizoen

sneon 16 jannewaris 2010

It briedseizoen fan 2009 ferrûn foar de yn Nederlân briedende fûgels bysûnder geunstich. Dat konkludearje ûndersikers fan it fûgeltrekstasjon, ûnderdiel fan it KoolmeesjesNederlânsk Ynstitút foar Ekology (NIOO) en (SOVON) fûgelûndersyk Nederlân. Sûnt 1994 fiere dy organisaasjes in mienskiplik ûndersyk út. Troch in standerdisearre wize fan fangen en ringjen wurde jierliks it briedsukses en it oerlibjen fan sangfûgels yn kaart brocht. It goede briedseizoen waard feroarsake troch in kombinaasje fan in waarm foarjier en genôch iten.

Bêste seizoen sûnt 1994
Sûnt de start fan it saneamde ‘Constant Effort Sites’ (CES) projekt yn 1994 wie it briedsukses net sa heech as yn 2009. It goede briedseizoen wie waar te nimmen yn alle habitats en by in hiel ferskaat oan soarten, mei in lichte foarsprong foar fûgels yn bosken en foar strânfûgels. Fansels wienen der winners en ferliezers. Mieskes dienen it tige bêst en ek soarten as it tomke en it readboarstke. De lytse karrekyt en it readsturtsje brochten ek in soad jongen grut. Lyster, graupiper en it robyntsje wisten lykwols net fan de goede omstannichheden te profitearjen. It tal winners wie yn 2009 lykwols folle grutter as it tal ferliezers: fan de 32 sangfûgelsoarten dy’t it machtichst yn tal binne, wie fan 26 it briedsukses heger as yn trochsneed. De resultaten út it CES wurde befêstige troch foarriedige gegevens út it nêstkaarteprojekt fan SOVON en troch in pear langrinnende populaasjestúdzjes nei hoalebriedende fûgels fan it Nederlânsk Ynstitút foar Ekology en de Ryksuniversiteit Grins.

Ek sjen:

  1. 2009 ek al wer te waarm
  2. It giet goed mei de sljochtfalk
  3. De Halte: Sneon 12 desimber 2009
  4. Normale winter al bysûnder
  5. Net mear fûgels fuorje

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic